Taspraak nije maaie
Beste freonen, partijgenoaten.
Hjoed, op 1 mei, sjoche wij werom op de skiednis fan de sociaaldemocratie. In skiednis djip oertsjûge fan it stribjen nei in fatsoenlyke mienskip. It waard in grut succes in lannen di’t er in slaggen om sociale herfoarmingen op freedsame, democratische en rjochtsteatelike wize ta stan te bringen. It gong folslein mis der wer utslutting de noarm blieuwde of wer’t op revolutionaire wize de minske ûndergeskikt makke waard oan it systeem.
Derom sil de 1 mei fiering ek altied dubbele gefoelens oproppe bij sociaal democraten. Ek Hitler organiseare in 1933 in 1 mei-viering. Wernei linkse fakbûnslieders en intelectuelen nei concentraasjekampen offierd waarden. En ûnder it communistische systeem wie 1 mei-fiering elts jier wer in treurich meitsjend tonielspul.
Mar in west Europa blieuw 1 mei, de dei werop wij stilsteane bij it spectaculaire succes fan de stried die’t us alden en pakes en beppes strieden hawwe foar in rjochfeardiger mienskip. It doel wie steeds dudlik, mei it besef om it hoeden te dwaen want in domdryste benadering soe ta maatskippelike ontwrichting liede kinne. It hat 100 jier duorre mar it wie it wurg; it besjutte in ein oan wurkdagen fan 15 oeren, oan utsichtleaze earmoede, ûtroepeljen, smargens, alcohollisme, ûnsoenens en fiersten te koarte libbens. Wij koene fierder bouwe oan in wolfeartssteat die us no sa dierber is. In combinate fan berettens en oerlis, die’t minsken as Jaures, Roosevelt, Drees, Brandt en Palme sa kenmerkte, hat dit mogelyk makke. As sij oars mei hun opdracht omsprongen wiene, soe de klassestried nooit binnen de krylienen fan it democratysk spylfjild bleun wese en soe net it rjocht, mar it rjocht fan de sterkste it woun hawwe.
Freonen
Ek de ûtdagingen fan hjoed de dei binnen grut. De minske sil in nije ferhalding mei de natûr ûntwiklje moatte, wij beleste de ierde mear dan sij drage kin. Europa en ek Nederlan fergryset. Wij moatte de ferbûnens tusken generajes garandearje. De oanpassingen die derfoar nedig binne, freegje politieke wil en draachflak ûnder de befolking. It feget fan ûs da we de mienskip bijelkoar hâlde. De mienskip hat in nije rjochting nedig. Earlyke hjerfoarmingen, pynlike maatregels en ferstannige infesteringen geane derby han in han,
Wij witte al hiel lang dat in mienskip better is, as de ferskillen tusken earm en ryk net al te grut is. In mienskippen wer de ûngelikenis it grust is, binnne fiif kear sa folle psychiatryske patiënten en is de kans dat je in de gevangenis telanne komme, ek fiif kear heger. Yn in mienskip wer de ûngelikenes it grutst is , hearsket ûnfoarstelbére earmoede en ellinde en binnne ek de ryken net frij. Want sij wenje in lytse enclaves, efter stekken met bewaking. Mei oare wurden, in mienskip mei redelyke inkommensferskillen is net allinich goed foar de minsken mei in yts inkommem, mar foar eltsenien.
In it neoliberale tiedsrek, dat no sa njonkelytsen op syn ein rint, wie de ferûnderstelling dat in taname fan inkommensferskillen net sa slim wie, sa lang as elsenien mear inkommen kriege. Dit blykt in drogredenaasje. In tanname fan de ferskillen tusken middenklasse en de top, is in wichtige reden foar ûnbehagen yn us maatskipy. Dertroch binnen wichtige senuwbanen trochsnien en is maatskippelyke binning ferlern gean.
Wat us it meast bedriget is de “ieder voor zich en God voor ons allen” hálding die der ut fuortkomt. Die hálding stimulearjert de tendens om je efter stekken te ferskansen en je fan minder bedeelden en hun noaden ôf te slûtten. As dat trochset, wurdt in soad ôfbrutsen fan wat us foarâlden mei maatskiplike ynset berikt hawwe.
Der liket in ferbân te bestean tusken dizze hâlding en de revolutionaire kant fan it neoliberalisme, die wol dat winstmaximalisatie en ûngebreidelde merkliberalisering, doelen op sich binne. Ûnder ynfloed fan de gedachte, dat er foar merkliberalisatie en it tsjingean fan de oerhied gjin alternativen binne, waerd maatskipplike oardening ûntdien fan de fundamentele fraach, of de kar dy’t wij meitsje ‘goed’ of ‘fout’ is. Wyls de minske in wêsen is, mei morele instincten, dy ‘t ûnlosmakkelyk ferboun binne mei de kar die hij of zij makket.
As jo minsken op morele grounen mobilisearje wolle, moat je de doelen dy’t jo berikke wolle, helder oan harren foarlizzee. Merk, winst en efficiency, kinne nooit die doelen wése.
Dat dit faaks wol sa brûkt wurd , hat minsken yn morele ferwarring brocht.
We sille erkenne moatte dat de merk losslein is en wer ûnder controle brocht wurde moat.
De merk is lyk in hurdfjoer dat us ferwarmt, as it mar fan foldwaende brânstof fersjoen wurdt en ûnderhalden wurdt. Mar starje jo net blyn op die prachtige flammen, die’t bij roekeloos gedrag , ta grutte ellinde liede kinne. Spylje mei fjoer is dat, roekeloos gedrag yn in mienskip en yn tied dy’t ferlet hat, fan maatskipplike gearhing om de wrâld, wer mei betrouwen tomjitte sjen te kinnen.
As wij ferkeard omspringe mei de gefolgen fan de crisis, wurket dat it gefoel in de hân, dat it “ieder voor zich” is yn de mienskip. Want it is dûdlyk, wij hawwe in grutte rekkening presenteare kriege. De oerhied moat har ynkomsten en útjeften yn lykwicht bringe en de skulden ferminderje. Hjiroer is gjin ferskil fan miening. Wer it om giet, is in hokker tempo wij dat dogge en hoe as wij de rekkening ferdiele. Derby moatte wij twa skynber
tsjintriedige doelen meielkoar ferbyne; de winsk om us bern net mei de skulden op te sadeljen en de winsk de economie net kapot te besunnigjen. Ûnferstanich gedrag, sa wol oan de iene kant as de oare, sil ta maatskiplike ûntwrichting en ûndermining fan solidariteit ta gefolg hawwe. Boppedat is it net nedig, want it kin ek behâldend, mei respect foar Europese ôfspraken en it spaarbankboekje fan us bern, sûnder hûnderdtûzenden Nederlaners ta wurkleazens te feroardieljen. Mar dan moate je eag hawwe foar de feiten en net utgean fan de gedachte dat eltse euro die collectief utjoun is, stellerij fan de boargers is.
Wer’t ek ek mei fjoer spyle is, is de financiële sector. Dochs wurde der nog altied miljoenen oan bonussen utkeard. Fan de gewoane man wurde grutte leanoffers frege, wyls it oan de top nog “bussines as usual is “.Ek dat roekeloos gedrag, under it motto “WE hebben er recht op” sûnder dat sij sich offreegje of it wol rjochfeardig, of moreel wol ferantwurdde is.
Wij moatte der foar soargje dat ús mienskip “rjocht” en “rjochtfeardigens” mei elkoar yn balâns te hlden. Dat as jo eârne ‘rjocht op hawwe, jo bytieden toch jo gefoel fan rjochfeardigens sprekke litte moatte om dat rjocht net ûnder alle ûmstannigheden op te easkjen of jilde te litten.
Miskien hawwe jo wol rjocht op die bonus, op foarrang, mar klinne jo it gefoel fan rjochfeardigens jo er ta bringe it net op te easkjen. San foarm fan hoedenens tsjinnet in heger doel en it ferbettert de kwaliteit fan us bestean.
Freonen
Der is in soad ûnrest in us mienskip. Grutte feroaringen, immigratie, economische ûnwissigens, lossere maatskiplike bânnen, it binne allegeare factoren dy’t ûnrest oanwakkerje. Yn de beleving fan minsken faeks in bedrieging foar de eigenhied fan harren mienskip. Of, better sein, foar de sociale steat fan de mienskip.
Oant goed tsien jier ferlien wie it in deugd om bij oanpak fan sociale kwesties ut te gean fan reedlike compromissen tusken ferskate belangen. Dit waerd ek wol polderjen neamt. Men foun it fanselsprekkend om sa folle mooglik stipe te gearjen en ek dy jinge dy’t de ûtkomst net steune woe, tomjitte te kommen. It foarkommem fan extremen waerd as een deugd besjoen. Dit model fan oarlis is in tal jierren ferlyn oan de kant set.. It moast oars, hurder.
De Flexwurkers en ZZP ers liken yn dizze strategie te foarsjen. Bedrieuwen moasten ûnder de gesel fan de oandielhalders oan winstmaximalisatie wurkje. As dit lang om let net slagge, dan waerden de bedrieuwen ferkocht of fuort saneard. Sjoch it bedrieuw Prins in Dokkum. Hulde oan de arbeiders dy’t hjir net keazen foar it jild, mar striede tsjin dit soarte methodes fan it grut kapitaal. De crisis en it besef bij wurkjouwers en wurknimmers dat je elkoar nedig hawwe komt sa njonkenlytsen wer werom. Sa hawwe de sociale partners middels it oerlizmodel wer in sociaalakkoord sletten.
Ek hjir jild dat hannelje yn it algemien belang, wolris freget om tsjinstelde belangen meielkoar yn lykwich te bringen. Frijhied en gelikensens, steane soms op spannen foet. As de sterkste of rykste partij har frijhied maximaal utleit en net in de stringen hâlden wurdt troch it rjocht of maatskiplik droegen regels fan rjochtfeardigens, sil de swakkere partij it belije moatte en yn syn frijhied beheind wurde. Reedlike minsken, dy’t ree binnen om elkoar de romte te jaen en hoeden meielkoar om te gean, komme der altied út. Mar allinich as sij witte dat we allegeare ree binnen om in bytsje in te skikken, wannear’t dat nedig is. Dat is essentie fan solidariteit; de reewilligens risiko’s en kânzen dy’t it libben ús jouwe, op in earlike wieze te dielen. Dit besjut dat wij as sociaal democraten en as bestjoerderspartij, soms foar dilemma’s pleatst wurdde. Sa as op dit momint de discussie in de PvdA omtrint de strafbaarstelling fan de illegaliteit. Der binnen grinsen oan us principes en it inschkken.
Lit ik it der no mar bij hâlde, wat dit oanbelanget.
De essentie fan sociaal democratische politiek, fan generaasje op generaasje, is te sykjen nei de optimale bâlans tusken individuele frijhied en it mienskiplik belang, tusken ‘ik’en ‘wij‘. Sadat de minsken yn in mienskip de ûnderlinge ferbinens ûnderfine as de best mooglike garânsje om it measte ut jinsself te heljen. Dat freget om soarg, behoedens, geduld en de innerlyke oerstjuging dat wij in doel hawwe dat it wurdich is om foar te strieden. Prestaasje ut it ferliene, biede derby gjin garânsje foar de takomst, mar binne wol skitterende bronnen fan inspiraasje om elts jier op 1 maaije stil te stean.
Dit is ek wat us dwaende hâld yn de discusje in de party , “Over wat van waarde is “. Derin stiet de koerswikseling dy’t ús partij meitsje moat, rjochtsje op wearden. Wij moatte in fûst meitsje tsjin in mienskip wer yn het “ik” somtieden it “us “ út it eag ferlern driget te wurden. Koartsein it algemien belang fan de mienskip moat foar PvdA ers it rjochtsnoer wêze. De maetskiplike route is foar us sociaal democraten minstens sa wichtig dan de financiële route om út de crisis te kommen. Die geane oer it behâld fan wurk, oer soarg ticht bij hûs, oer de kwaliteit fan it ûnderwiis en oer in duersume economie. Drege saken wer’t wij in us gemeente ek foar steane.
It tanimmend tal wurkleazen en minsken yn de bijstan, besjut miljoenen mear oan útjeften in ús gemeente . In protte soargtaken dy’t de gemeente der bij kriget, mei fikse financiële koartingen. En de mânske grûnposysje fan disse gemeente. Dit alles hat us gemeente yn een soargelike financiële posysje brocht. Dit freget om ingrypjende maatregels, die sear dwaen sille. Mar lokkich binne der ek posityfe ûntwikkelingen. Sjoch de festiging fan 3 molkfabryken mei op termyn inkele hûnderden wurkplakken. En de nijbouw fan it distributiecentrum fan Lidl. Dit soarte fan ûntwikkelingen makket dat wij ús, ûndanks de benarde financiële posysje, it sicht wol op de takomst rjochtse moatte. Wij sille us maksimaal ynspanne en útrekke moatte om der wer sterker ut te kommen. It sociaal democratysk omtinken in it gemeentebestjoer fan Hearenfean, sil sich ek no wer sterk meitsje foar een rjochtfeardige ferdieling fan de lêsten en der wer mooglik te ynfesterjen yn de kwaliteit wer wij foar steane.
Partijgenoaten, it is nog altiid de moeite wurdich om foar de sociaal democratische idealen te strieden in it hjir en no. Ek bij de kommende riedsferkiezingen fan november.
Tank jo wol