Betinking Anita Andriesen

23 september 2024

Op freed 6 september hat foar de 15e kear de Anita Andriesen-betinking west. Dit barde by Swarte Haen yn Sint Jabik. Dêr stiet ek it monumint ta oantinken oan Anita: twa bankjes mei de tekst ‘Om de kwaliteit fan de romte!’

Fyftjin jier lyn is der in stichting yn it libben roppen om Anita elk jier te betinken en deroan keppele in sprekker oer it gedachteguod fan Anita. Troch sykte koe dat dit jier spitigernôch net trochgean. Dochs wienen der foar de betinking in moai oantal PvdA’ers by Swarte Haen.

Hans Konst, hie in moaie taspraak. Hy brocht de ferstjinsten fan Anita noch marris ûnder de oandacht. Neffens Konst soe Anita raar guod spuie oer ús nije minister fan Lânbou Femke Wiersma. Anita hie in dream foar Fryslân oer ús natoer en lânbou oant 2030! Spitich dat sy dit net ôfmeitsje koe. Anita is 51 jier wurden.

Nei in minút stilte hawwe wy mei syn allen de Ynternasjonale song.
   

Betty van der Ven