Rûnom Fedde
Ôfrûne sneon, 15 augustus, wie der in betinking by it byld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean, organisearre troch de Jongfryske Mienskip: “Rûnom Fedde”. Tal fan sprekkers hawwe stilstien by Fedde Schurer, dichter en strider foar de Fryske taal, en âld-haadredakteur fan de Friese Koerier.
Sa gie Peter Boomsma, skriuwer fan it boek Kneppelfreed, foaral yn op de skiednis. De lêste wurden fan syn ferhaal wienen : It bêste fers dat Fedde Schurer skreaun hat, is syn libben.
Dêrnei kam Willem Schootstra oan it wurd. Dy seach foaral nei de takomst fan it plak fan it hjoeddeiske Frysk. Der kin neffens him noch wol in skepke by!
Fierder waarden der gedichten foardroegen troch Betty van der Ven (PvdA-riedslid), Chris van Hes en Sander Hoekstra. Alles waard oan inoar praat troch Sijbe Knol, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip.
Der wienen in protte minsken by dizze betinking.